Promovearre Bûtenpost sleept punt by Staphorst wei: 1-1

Bûtenpost kaam sneontemiddei net fierder as in lykspul tsjin Staphorst. De Fryske klup kaam pas yn de blessueretiid op likense hichte. It waard 1-1.
Trainer René van der Weij fan Bûtenpost by in eardere wedstriid © www.orange-pictures.nl
Staphorst wie de boppelizzende partij. Flak foar rêst waard it 1-0 troch in doelpunt fan Mark Veldmate. Yn de twadde helte kaam Bûtenpost der ek net oan te pas. Flak foar it lêste fluitsinjaal makke Joran Olijve de 1-1.