IepenUP VLOG: By de boer

08 sep 2018 - 20:03

Fjirtjin jonge Fryske vloggers, mei allegear in hiel ferskillende achtergrûn, litte alle sneonen sjen wat sy harren ôffreegje. Alle wiken in nije vlog mei hieltyd in oar tema, mei in ûnderwerp dêr't sy har drok om meitsje. De vlogs binne ûnderdiel fan it LF2018-programma IepenUP.

Marianne libbet op 'e buorkerij en wol dat hiel graach mei minsken diele. Wie it net foar it Weidemelk-keurmerk, dan koene de kij net sa moai op it lân stean as no. Dus ferrast se in man dy't weidemolke keapet. Hy kriget in rûnlieding op 'e buorkerij fan Marianne.

Alle vloggers stelle harren foar op de webside fan IepenUP. IepenUP Vloggers is in projekt fan IepenUP en LF2018 en wurdt mei mooglik makke troch Omrop Fryslân en it Stimuleringsfonds voor de Journalistiek.

Trefwurden: 
LF2018 IepenUP vlog
(advertinsje)
(advertinsje)