Martijn Barto beslissend foar ONS Snits ien dei nei syn ôfskied fan Cambuur

08 sep 2018 - 19:19

Ien dei neidat er ôfskied naam fan SC Cambuur, wie fuotballer Martijn Barto beslissend foar ONS Snits. Barto makke it iennige doelpunt. ONS wûn dêrtroch fan Eemdijk mei 1-0.

Martijn Barto waard freed huldige troch it bestjoer en de supporters fan de SC Cambuur. Hy spile dêr yn sân jier tiid 238 wedstriden, en makke 66 doelpunten.

(advertinsje)