Harkemase Boys wint mei grutte sifers fan VVOG út Hurderwyk

Harkemase Boys hat sneontemiddei op eigen fjild VVOG út Hurderwyk mei 4-1 ferslein. Yn de earste helte wie VVOG sterker as de Boys. Doelman Erick Jansema hold de stân oant it skoft op 0-0, en waard letter keazen as man fan de wedstriid.
Hichtepunten fan Harkemase Boys - VVOG
De iepeningstreffer kaam út in penalty yn de 58ste minút. Jesse Renken skoarde foar de Harkemase Boys.
Dêrnei gong it los. Jari Slort makke noch gjin twa minuten letter it twadde doelpunt. En hy skoarde ek de 3-0. Jeroen Buitenhuis fan VVOG makke der noch 3-1 fan, mar dat hat VVOG neat mear brocht. Yn de 82ste minút bepaalde Robert Stelpstra de einstân: 4-1.
Jesse Renken nei it earste doelpunt © www.orange-pictures.nl
Harkemase Boys stiet no op it sechsde plak yn de tredde difyzje, mei likefolle punten as ONS Snits. De Snitsers steane troch in better doelsaldo ien plakje heger. Takom wike is de Fryske derby yn dizze kompetysje: dan moatte de Harkiten op besite by ONS.

Trainer Tieme Klompe

Tieme Klompe fan de Harkemase Boys

Jari Slort

Jari Slort - Harkemase Boys

Robert Stelpstra

Robert Stelpstra - Harkemase Boys