Fryske titelferdigener ferdwaalt op NK skeelerjen en wurdt tredde

08 sep 2018 - 18:12

Titelferdigener Crispijn Ariëns fan Wolvegea is der net yn slagge om opnij it iepen NK skeelerjen op syn namme te skriuwen. In frijwilliger fan de organisaasje stjoerde him de ferkearde kant op. Dêrtroch koene syn achterfolgers him ynhelje. Sjoerd den Hertog waard Nederlânsk kampioen.

Foto: Tims Imaging

It Iepen NK waard ferriden yn Fryslân. By de earste pleatslike omloop yn Hallum gong it mis, seit Ariëns. "Er stonden nog hekken, twee politiemotoren, en een tafel met water. Ik kon niet naar rechts. Dat kostte me mijn overwinning."

De titelferdigener hie gau yn de gaten dat er ferkeard siet, mar doe wie it al te let. Hy hie in lytse foarsprong doe't er Hallum yn kaam, en dy wie dêrnei gau ferdwûn. "Ik had nog vijf seconden over, maar ik was helemaal leeggereden."

Crispijn Ariëns baalt fan de flater

Crispijn Ariëns kaam úteinlik as tredde oer de streek. Gerwin Smit út Rouveen waard twadde. De úteinlike kampioen Sjoerd den Hertog, út Grins, is in ploechmaat fan Ariëns. "Gelukkig hebben we de winst in de ploeg weten te houden. Anders was ik helemaal boos geweest!"

Sjoerd den Hertog - Foto: Tims Imaging

Sjoerd den Hertog is Nederlânsk kampioen

It spyt de organisaasje fan it Iepen NK dat it sa rûn is. "Der hat ien net goed opletten, dêr komt it op del. Mar der is no neat mear oan te dwaan."

By de froulju is Imke Vormeer út Meppel kampioen wurden. Jannitta van den Brink út Apeldoorn waard twadde, en Beau Wagemakers út Hoogkarspel finishte as tredde.

(advertinsje)
(advertinsje)