Fytser ferwûne by oanriding mei auto yn Wolsum

08 sep 2018 - 16:52

Yn Wolsum is in 91-jierrige fytser út Blauhús ferwûne rekke nei in oanriding mei in auto. Neffens in tsjûge ried de fytser op it momint fan de oanriding net op it fytspaad, mar op de dyk, omdat der op it fytspaad in kraan oan it wurk wie.

It ûngelok barde sneontemiddei om kertier oer twaën hinne, op de Jouswerderdyk. Der wienen twa ambulânses by, en ek in traumahelikopter. It slachtoffer is ûnder begelieding fan de trauma-arts mei de ambulânse nei it sikehûs yn Grins brocht.

De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok. It is net dúdlik hoe't it slachtoffer der oan ta is.

Trefwurden: 
ûngelok Wolsum
(advertinsje)