Omrop Tip: Buro de Vries yn Waskemar

08 sep 2018 - 15:00

Waskemar is in jong doarp oan de Haulerwyksterfeart. It leit yn it noarden fan de gemeente Eaststellingwerf tichtby it trijeprovinsjepunt fan Fryslân, Grins en Drinte. It is pas in doarp sûnt 1954. Earder foel it ûnder Haulerwyk en stie it bekend as Haulerwyk-beneden. Wêrom moast it selsstannich wurde? Hoe fernimme je dat it in jong doarp is en betsjut dat ek dat der in soad jongerein wennet?

Yn de tsiende en lêste ôflevering fan 'Buro de Vries op it doarpsplein' in portret fan it doarp Waskemar.

Foto: Omrop Fryslân

De Trilker

Waskemar hat ien stânbyld: 'De Trilker". In trilker is immen dy't in pream fan de kant ôf triuwt. By de ferfeaning fan Súdeast-Fryslân binne, mei de skeppe, fearten en wiken groeven om frachten turf mei dizze platte boaten ôf te fieren. Dy rjochte fearten - en dêrtroch rjochte stikken lân - binne noch altyd werom te finen yn it lânskip.

makke troch Annet Haring (yn 1980) - Foto: Omrop Fryslân

De P.W. Janssen's Friesche Stichting

In bysûnder ferhaal is dat fan de Amsterdammer P.W. Janssen. Hy hat in soad dien foar de bestriding fan wurkleasheid en earmoed yn Súdeast-Fryslân. Yn 1899 kocht hy 40 hektare heidegrûn by Waskemar. Hy sette der acht buorderijkes op dy't minksen mei wat grûn pachte koenen. De famylje Uithof pacht noch altyd fan de Janssen's stichting.

Foto: Omrop Fryslân

Sintraal yn it doarp,, dêr't de dyk de Haulerwyksterfeart oerstekt, stiet De Herberg. Eartiids wie it de pleatslike kroech, de lêste 17 jier in restaurant dêr't minsken op ôfspraak ite koenen. We sykje út wêrom't it sûnt trije moanne te keap stiet.

Foto: Omrop Fryslân

Fuotbalferiening

VV Waskemar is in belangrike feriening yn it doarp. In ambisjeuze klup. Dat moat ek neffens foarsitter Keuning, oars hâlde je it as feriening net fol op in doarp mei 850 oant 900 ynwenners. In doarp en fuotbalferiening dy't twa jier lyn opskrikt waarden troch in slim ûngelok mei fjouwer fuotballers yn Grins. Ien fan har, Daniël Postema kaam dêrby om it libben. Mei Keuning ha we it oer de ympakt op de feriening hjirfan.

Muzyk en mear

Kristlike muzykferiening Excelsior fiert dit jier dat se 115 jier bestean en traktearret ús op in miny-konsert. Doarpsbelang skoot oan om te fertellen oer de oerlêst fan frachtferkear troch it doarp. Fierder sjogge we by miny-kemping 't Appelhofke fan de 88-jierrige frou Tolboom, ha we omtinken foar elektrysk riden en de ferbouplannen fan doarpshûs 't Ald Leger, it plak dêr't we dizze útstjoering sitte.

It radioprogramma Buro de Vries sit dizze simmer op it doarpsplein. Yn dit jier fan LF 2018 giet it Buro op syk nei de ferskillende doarpsmienskippen fan Fryslân. Tsien wike lang, fan snein 8 july oant en mei snein 9 septimber, alle sneinen fan 11 oant 13 oere op 92.2 FM.

Trefwurden: 
Buro de Vries Waskemar
(advertinsje)