Skriuwer Dan Brown lit him yn Fryslân ynspirearje foar 'The Leeuwarden Code'

08 sep 2018 - 14:21

De ferneamde Amerikaanske skriuwer Dan Brown makke sneon in stedskuier troch Ljouwert. Hy krige in rûnlieding fan Geart de Vries, direkteur fan it Histoarysk Sintrum HCL yn Ljouwert, dêr't er fan alles oer de skiednis fan de stêd learde. Hy wie, ek mei syn heit, yn it Fries Museum dêr't er swier ûnder de yndruk wie fan it wurk fan M.C. Escher.

Brown is entûsjast oer Ljouwert en sjocht der sels genôch ferhalen yn foar in nij boek. It is in prachtige stêd seit er en de skiednis is yntrigearjend en mysterieus. Hy hat in soad ynspiraasje opdien en makket oantekeningen. Miskien dat der wol in 'Leeuwarden Code' komt, seit Brown. Je witte mar noait.

Oer de útstalling oer Escher wie Brown bot te sprekken, om de orizjinelen te sjen. Hy fûn de eksposysje moai opset, smaakfol en modern. Syn heit is grut fan fan it wurk fan M.C. Escher.

Freedtejûn wie er ek al yn Ljouwert om te praten oer syn boeken.

De Stormruiter

Sneontejûn sil er noch nei de premjêre fan De Stormruiter yn it WTC Expo yn Ljouwert. Hy hat mei syn frou thús ek Fryske hynders. By de premjêre binne kening Willem-Alexander en syn mem prinses Beatrix te gast. De Stormruiter wurdt oant 7 oktober 20 kear opfierd. Alle foarstellings binne útferkocht.

De teäterfoarstelling De Stormruiter sil ein dit jier ek te sjen wêze by Omrop Fryslân. Sa kin elkenien dy't it hynstespektakel dizze wiken misse moat en besikers dy't noch in kear neigenietsje wolle it stik besjen. Foar de registraasje fan it teäterspektakel, dat yn septimber en oktober opfierd wurdt, wurket Omrop Fryslân gear mei Omroep MAX.

It ferhaal fan De Stormruiter giet oer de ivige striid fan Nederlân tsjin it wetter en de bysûndere ûntsteansskiednis fan it Fryske hynsteras. Yn it teäterstik binne rollen foar ûnder oaren Ellen ten Damme, Jelle de Jong, Freark Smink, Hilbert Dijkstra, Joop Wittermans en mear as hûndert Fryske hynders.

(advertinsje)
(advertinsje)