Iepen Monumintedei: Sleat stiet sintraal yn De Fryske Marren

It is dit wykein lanlik Iepen Monumintedei en de stêd Sleat is yn de gemeente De Fryske Marren monumint fan it jier. Dêrmei hat de gemeente no ek in lyts bytsje in eigen kulturele haadstêd, sa is it idee fan de wurkgroep Historisch Erfgoed De Fryske Marren.
Iepen Monumintedei: Sleat stiet sintraal yn De Fryske Marren
De Iepen Monumintedei is wichtich foar it behâld fan de monuminten, seit foarsitter Minke Hiemstra fan de wurkgroep Historisch Erfgoed De Fryske Marren. Hielendal omdat it Ryk en ek oare oerheden hieltiten minder jild oer ha foar it ûnderhâld fan de monuminten. Hiemstra fynt dat in minne saak.