Nije scoutinggroep Polaris los yn Oranjewâld

08 sep 2018 - 13:27

Fryslân hat der in scoutinggroep by. Yn 'e bosken by Oranjewâld is sneon de nije scoutinggroep Polaris úteinset mei sa'n 48 bevers, welpen en scouts.

Bûtendoar spultsjes dwaan en aktyf wêze betsjut ek dat de leden oan it begjin fan de dei harren smartphone ynleverje, want dêr hawwe se op sa'n dei neffens de lieding gjin ferlet fan. Polaris ymprovisearret foarearst, want de nije klup hat noch gjin fêst ûnderkommen om saken as 'pionierspeallen' foar it basiskamp en oar materiaal op te slaan, mar dêrtroch lit Polaris him net út it fjild slaan. De wyklikse byienkomsten binne bûtendoar en oan 'e ein fan 'e moanne stiet it earste kamp foar âlden en bern op it programma.

De tsien frijwilligers fan Polaris binne allegearre yn it besit fan in VOG-ferklearring ('Verklaring omtrent gedrag'), want dat is hjoed-de- dei ferplichte by de paadfiners.

Robert Elsinga en Hielke Stilma fan Scouting Polaris

De mobile telefoans wurde oan it begjin fan de dei ynlevere - Foto: Omrop Fryslân

Polaris is de twadde scoutingklup op It Hearrenfean. Lieder en mei-oprjochter Robert Elsinga fynt dat gjin beswier. Neffens him binne It Hearrenfean en omkriten grut genôch foar mear as ien klup. Polaris is yntusken ek al oanmeld as kandidaat-lid fan Scouting Nederlân. De proseduere om as offisjele nije scoutingklup akseptearre te wurden duorret in pear moanne.

(advertinsje)