FK ringstekken yn Dokkum giet oer: hynders dogge mei oan De Stormruiter

08 sep 2018 - 12:41

It Frysk kampioenskip ringstekken yn Dokkum op sneon 22 septimber giet dit jier net troch. Reden is dat de measte dielnimmers oan it FK-ringstekken meidogge oan de foarstelling De Stormruiter yn Ljouwert.

Foto: Omrop Fryslân

De organisaasjes Vereniging het Friese Tuigpaard en de Vereniging Friese Aanspanning fine it wol spitich dat it net trochgean kin, mar it kin neffens harren net oars. It is foar de hynders te swier om op ien dei sawol oan it FK-ringstekken mei te dwaan en oan de foarstelling De Stormruiter.

It Frysk kampioenskip koe net earder hâlden wurde, omdat der earst seleksjewedstriden binne en dat is troch it hiele seizoen hinne. It kampioenskip is tradysjegetrou it iene jier yn Dokkum en it oare jier yn Boalsert. Der is al wol besletten om it kampioenskip fan 2019 yn Dokkum plakfine te litten.

(advertinsje)