Minister Schouten pleitet foar 'kringlooplandbouw'

08 sep 2018 - 12:36

It moat oars yn de lânbou. Om útputting fan de ierde en it fergriemen tsjin te gean moat it roer om: we moatte ta op 'kringlooplandbouw'. Dat is de kearn fan de nije lânboufyzje dy't minister Carola Schouten sneon presintearre hat. It moat allegear duorsumer, en dêr sille boer en úteinlik konsumint oan leauwe moatte.

Foto: Shutterstock.com

"De manier waarop we nu ons voedsel produceren raakt steeds verder uit balans. Het gaat verder dan wat de aarde kan geven. En is niet houdbaar." Dat skriuwt de minister. Kij en oar fee moatte bygelyks yn prinsipe fuorre wurde mei gers en resten fan mais fan de eigen pleats of út de direkte omjouwing.

Sa't de lânbou no organisearre is, is it benammen rjochte op kosteferleging en produksjeferheging neffens de minister. "Dit is in Nederland ten koste gegaan van biodiversiteit, het milieu, kwaliteit van drinkwater en de aantrekkelijkheid van het landschap."

"Fryslân foldocht al oan de toan fan de fyzje," seit Trienke Elshof fan LTO Noard. "Lykas mei it brûken fan foer út de regio en gearwurkje mei akkerbouwers. De fyzje is ek mei makke mei input út Noard-Nederlân. De konsumint sil it wol fernimme as it feroaret, dy moat de duorsume produkten wurdearje en sil dêr ek mear foar betelje moatte."

Trienke Elshof

Trefwurden: 
lânbou LTO minister
(Advertinsje)
(Advertinsje)