Doarpshûs De Nije Warf yn Wâlterswâld bliuwt foarearst iepen

08 sep 2018 - 10:47

Doarpshûs De Nije Warf yn Wâlterswâld bliuwt foarearst iepen. Lange tiid like it derop dat de it doarpshûs slute moast om't der gjin minsken te finen wienen foar de bestjoersfunksjes. Mar nei in nuodlike simmer ha genôch minsken har oanmeld.

Foto: Omrop Fryslân, Douwe Boersma

Wol sil der elk jier in nij bestjoerslid by komme moatte, want der geane ek altyd wer minsken fuort. Yn oktober 2019 bestiet De Nije Warf 50 jier. Dat wolle se grut fiere, ideeën binne wolkom. Ek takom jier op de wurklist stiet it mear duorsum meitsjen fan it gebou. Dêr kinne subsydzjes foar oanfrege wurde, mar inkeld as der ek frijwilligers binne.

Minsken kinne har opjaan om putsjes te dwaan lykas rúthimmelje, farvje, Facebook byhâlde en skjinmeitsje.

(advertinsje)
(advertinsje)