Iepenloftspul De Oerbliuwers, in ympresje

08 sep 2018 - 10:09

Kinne we op 'e nij begjinne? Gjin gif, gjin dongoerskot, ljippen dy't massaal werom komme. De ien krijt net mear as de oar. De ierde suchtet fan ferromming, werstelt en jout goede en earlike produkten. In groepke Harkiten besiket it. Mei Nij Harkema.

Iepenloftspul De Oerbliuwers, in ympresje1

De noardlike provinsjes binne leechhelle. Alles konsintrearret him yn 'e Rânestêd. Urbanisearje. Dat is de oplossing. Mar de Harkiten tinke der oars oer. Under lieding fan Mooi Aal sette se ôf, mei hynder-en-wein, mei piken, bargen en siedguod. Stikem.

De froulike kultuer dominearret. De delsetting yn it natuergebiet docht it goed. Wittenskippers en ûndersikers komme. Wolle fansels sjen wat der gebeurt. Hoe't dat kin. Der komme skuorkes yn de mienskip dy't fol idealen úteinsette. We sjogge yn de sêne dat Geale syn nocht krijt fan it idealisme fan syn suster Mooi Aal. Hy reagearret dat ôf op Saphias.

Foto: Omrop Fryslân

Grientetún

Geale wurdt ôfstraft troch Saakje, de rjochterhân fan Mooi Aal. Froulju en de froulike kultuer dominearje. Geale is net de iennige dy't dêr wat syn nocht fan krijt. Ek de oare Harkiten fine dat se bêst groeie kinne. Want de prizen dy't der yn de Rânestêd betelle wurde foar de ljipaaien, dat is gouden hannel. Mar Mooi Aal wol net grut, grutter grutst. En sy is de baas. Toch?

De tekst is fan Gerrit Breteler. Dit is echt syn tema. Hoe moatte wy feroarje, oars mei de ierde omgean, oars mei mekoar omgean. Bestiet der in ideale mienskip, En as dy dan bestiet, kin dy dan bestean bliuwe of is ûntwikkeling en foarútgong net te kearen, kin it net oars as misgean, omdat elke groei in kearpunt hat.

Neist it terrein fan iepenloftmuseum De Spitkeet stapt it publyk aanst yn de delsetting Nij Harkema. It dekôr is prachtich makke. De houten gebouwen steane al sûnt maaie. As in hûs. Dat is se wol tafertroud op De Harkema. Der is spesjaal in grientetún oanlein dy't op de achtergrûn goed te sjen is. As in sêne opnij spile wurde moat en de trije spilers wer harkje, skoffelje en wjudzje grapt ien fan harren al dat alle beantsjes der no echt wol ôf binne. Wylst regisseur Ypy Zysling har lûdop ôffreget oft de tún moai genôch bliuwe sil oant de lêste foarstelling op 22 septimber.

Foto: Omrop Fryslân

Hoe is it libben op Nij Harkema. Nobach, spile troch Gerrit Haaksma, is hierder fan it hotel mar wol eins wol eigener wurde. Hy hat wol wille yn de delsetting mar it is him ek allegear wat te stil. Hy is dan ek bliid mei de toeristen dy't komme. Fral de moaie froulju. Dan bloeit er op. Mar foar syn personiel is er in hûn. Wer krijt Saphias der fan lâns. In hearlike rol om te spyljen, fynt Gerrit Haaksma.

Iepenloftspul De Oerbliuwers, in ympresje2

Foar regisseur Ypy Zysling giet De Oerbliuwers oer wat der mei je gebeurt as je je eigen plak, je eigen grûn ferlitte moatte. As der gjin mooglikheden mear binne om te bliuwen op de grûn dêr't je ferankere binne. Omdat de grûn earmer wurdt en der tekoarten driigje. Mar it is perfoarst net de bedoeling om mei it fingerke te wizen. Nee, it is krekt de bedoeling dat minsken hjir mei mekoar oer yn petear gean.

Sanne Douwes, Saakje, har eagen begjinne te glinsterjen as se fertelt oer wat it stik foar har moai makket. It feit dat de noardlike provinsjes leechhelle wurde mar dat de Harkiten dêr net yn mei geane. Dy dogge wat se sels wolle. Har eigen doarp meitsje. Jacob de Vries, grutte Gels, fertelt oer hoe't dan de hannel florearret, mar dat dêrmei ek de jaloezy syn yntrede docht. Ynsekten en fûgels, alles komt werom. Sa as it eartiids wie. Seit Gerrit Haaksma, Nobach. De minsken hawwe gjin geheimen foar mekoar, witte alles fan mekoar. Mar goed, dat giet ek mar oant safier. Neffens Sietse Bijlsma moat it publyk sels mar útmeitsje oft it slagget mei Nij Harkema. Idealisme wurdt altyd opfolge troch realiteit en dat kin net sûnder strubbelingen, sa is syn konklúzje.

Iepenloftspul De Oerbliuwers, in ympresje3

Hynders

Der dogge trije hynders mei oan it stik. Dat makket it foar regisseur Ypy Zysling ek wol ris lestich. Foardat se repetearje sille komt der noch in hynder troch de setting riden. Dy moat noch efkes achter it dekôr. "We hiene juster noch dat ien fan de hynders echt net op woe, dat is wol in dinkje". Mar de oare kant is dat de hynders prachtich by dit stik passe.

Foto: Omrop Fryslân

Sanne rydt, hiel tafallich, op Sanne. No hat Sanne sels ek hynsteriden as famke. Mar dat wol net sizze dat it no fansels giet allegear. Se hat wol wer in pear lessen hân. Se besiket safolle mooglik by hynder Sanne yn de buert te wêzen. Om goed kontakt te meitsjen. Se sealet har ek it leafst sels op. Sanne, it hynder, bliuwt rêstich ûnder alle drokte fan repetysjes en ynterviews." As se mar op 'e tiid ite kin", seit Sanne wylst se nei it hynder sjocht mei in blik fan weakens. Tsja, it gers smakket nearne sa goed as op Nij Harkema. It docht my tinken oan in tekst dy't ik earne in kear lêzen ha; it gers is grien dêr wêr't je it wetter jouwe. Ik bin benijd hoe't it ôfrint mei de Oerbliuwers.

Iepenloftspul De Oerbliuwers, in ympresje4

De première is 12 septimber.

Foto: Omrop Fryslân

De foarstellingen binne op: woansdei 12 septimber, freed 14 septimber, sneon 15 septimber,
woansdei 19 septimber, freed 21 septimber en sneon 22 septimber.

(advertinsje)