Brân yn bedriuwssammelgebou yn Snits
Yn in bedriuwssammelgebou oan de Zeilmakersstraat yn Snits hat sneontemoarn koart brân west. It gie om brân yn de fliersaak de Plankier. De korpsen fan Snits en Drylts wienen oproppen om it fjoer te bestriden.
It wie dreech om it fjoer te bestriden om't it gefaarlik wie om nei binnen te gean. De brânwacht hat it gebou oan de bûtenkant kuolle en in doar fan de loads iepenmakke. Der kaam in soad reek frij.
It fjoer wie frij gau ûnder kontrôle. Net ien rekke ferwûne.

De brandweer is onderweg naar een brand aan de Zeilmakersstraat in #Sneek.
8 Septimber 2018 - 08:35

De brand woedt in een unit van een bedrijfsverzamelgebouw. I.v.m. de rookontwikkeling is op voorhand opgeschaald naar middelbrand.
8 Septimber 2018 - 08:36

De brand in #Sneek is onder controle. Er heeft geen overslag plaats gevonden naar naastgelegen bedrijfsunits.
8 Septimber 2018 - 09:02