Sis Tsiis freget omtinken foar bettere posysje fan Frysk yn it ûnderwiis

08 sep 2018 - 08:39

De boargeraksjegroep Sis Tsiis wol mear omtinken foar de posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis. No't de skoallen wer begûn binne, begjint Sis Tsiis mei de aksjes. De groep wol druk op de polityk útoefenje om mear foar it Frysk op skoallen te dwaan.

Foto: Sis Tsiis

Piter Dykstra fan Sis Tsiis

"We diele folders út en prate mei de minsken om har bewust te meitsjen fan de sitewaasje fan it ûnderwiis yn it Frysk," leit Piter Dykstra fan Sis Tsiis út. "Dy kin nammentlik folle better. In soad entûsjaste juffen en masters dogge goed har bêst om bern hert foar de memmetaal mei te jaan, mar dat iene oerke Frysk yn de wike kin de stoarm fan hollanismen net opkeare. It Frysk wurdt 'stiefmoederlijk' behannele. It moat as in folweardich fak jûn wurde en ek as fiertaal by oare fakken mooglik wêze." De groep trunet oan op in eigen Fryske ynspeksjetsjinst.

De groep is fan doel dit jier noch mear aksjes te hâlden, ûnder oare by it ûnderwiissympoasium op It Hearrenfean letter dizze moanne en ek by de Slach by Warns-betinking. "We binne ek noch dwaande mei in grutte aksje, en dy wolle we it leafst dit jier fan Kulturele Haadstêd dwaan of oars foar de provinsjale ferkiezingen yn maart."

De ôfrûne twa dagen stie Sis Tsiis al op de Admiraliteitsdagen yn Dokkum en sneon sille se dêr wer folders útdiele.

(Advertinsje)
(Advertinsje)