Kollum: "De politisy"

08 sep 2018 - 08:20

"It is septimber, bêste minsken. De R sit yn de moanne, dus waarden jo eartiids achte om it himd wer oan te dwaan, oars krigen je grif lêst fan de kjeld. It wie earder dizze wike noch heechsimmer, dus it himd koe noch wol even wachtsje. Hoe oars tochten de politisy dêr oer. De R yn de moanne septimber liket yn de politike eagen wol hast dy fan Raamkoers."

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Ferdinand de Jong

Se wienen amper werom fan harren reses, tink ik, mar der waarden daliks in bak fol kneppels yn hinnehokken smiten. Jesse Klaver, de nije linkse Messias, begûn it nije politike jier mei in cover fan Vincent Bijlo. Flauwe grappen oer dat Jesse grif tocht dat Vincent it dochs net seach, binne der al genôch makke. Mar Jesse hie wer ris wat út te lizzen. Sa helje jo it nijs anno 2018.

Alexander Pechtold helle de kranten ek. Syn partij, D66, dy't yn 2012 Fryslân noch opheffe woe, sil grif in rimpelleazer start fan de politike kampanje 2018/2019 winske ha. Se moasten earder al mei it gesicht fan in boer mei pine yn de mûle folhâlde dat it ôfskaffen fan harren kroanjuwiel, it referindum, út te lizze wie. Balkenende syn karnavalshit 'U draait en u bent niet eerlijk' 2.0 grammofoanplaat koe wer in kear draaid wurde yn de politike arbeidsfitaminen. No, dit referindum trelit is amper ferwurke, of it altyd heechsteande kwaliteitsblêd Privé *kuch* komt mei in soppich ferhaal oer wangedrach en machtsmisbrûk fan Alex. Syn eks, Anne Lok, hie leaver net de publisiteit socht, mar ja, as je slein wurde binne de oare wangen op in gegeven stuit op en slane jo werom. Allegearre sa flak nei de gleonhite simmer fan 2018, gloeit it fjoer as in feanbrân op it Binnenhôf.

Stef Blok wie ek al de sigaar. De rjochtse politikus hie gewoan helder sein wat er tocht oer de mienskip sa as we dy hjir ha, mar dêr sprong de opposysje boppe-op. It lân wie te lyts. De haverkiste wie amper grut genôch om alle obsternate bokken bergje te kinnen. Stef kin fierder, mar de linkerkant fan de Keamer hat der net folle fertrouwen mear yn. No is dat oarsom ek sa, dus dizze stoarm sil ek wol wer lizzen gean. Mocht de VVD tusken alle eigen skandalen troch noch miene dat Stef Blok net mear funksjonearje kin, hat dy al twa oanbiedings om by in oare partij oan de slach.

As dit it foarlân is fan wat ús de kommende tiid op polityk mêd te wachtsjen stiet, wurde je dêr net echt bliid fan. Je wurde überhaupt net bliid fan in lân dêr't ien man yn steat is om in belêsting ôf te skaffen, omdat er dêr troch multinationals om frege is. Dat soks dan sels totaal sûnder draachflak ek noch trochgiet, is eins wol gefaarlik. It ûnderminet it politike midden, sa stie dizze wike yn de krante. En se ha my altyd leard dat de wierheid ergens yn it midden leit. As je dat ûndermynje, skeppe je romte foar ekstremen. Liket my gjin goed plan."

(advertinsje)