Loads yn Boelensloane brânt folslein ôf

In loads yn Boelensloane is yn de nacht fan freed op sneon folslein ôfbaarnd. Om kertier oer trijen krige de brânwacht melding fan de brân oan de Stienstrawei.
Loads yn Boelensloane brânt folslein ôf
© Srfotografie
De buorfrou hearde lûde knallen en belle de brânwacht. Der wie brân yn de loads achter de wenning. De brânwacht skaalde op nei middelbrân om't de loads folslein yn de brân stie en ek om't der noch in auto yn stie. De wenningen neist de loads binne ûntromme. De brânwacht koe tefoaren komme dat it fjoer oersloech yn de metershege konifearen. Net ien is ferwûne rekke.
Nei in oere wie it fjoer ûnder kontrôle. It is noch net dúdik hoe't de brân ûntstean koe.