Omrop TIP: Gruttopia, takomst fan de skries

08 sep 2018 - 07:22

De Fryske skries Amalia en de Fryske fûgeler en komponist Sytze Pruiksma binne op in bysûndere manier mei-inoar ferbûn. Sûnt ferline jier folgje se inoar. Snein yn Fryslân DOK: it earste diel fan dat ferhaal.

Foto: Omrop Fryslan, Sytze Pruiksma

Biodiversiteit

Amalia briedt al fiif jier yn de omkriten fan Weidum, wêr't Sytze wennet en wurket. Sytze folget Amalia nei har trekgebieten yn Afrika, Spanje en Portugal. Harren ferbûnens en de dêrop ynspirearre muzikale projekten leverje de stof foar in rige fan fjouwer ôfleveringen fan Fryslân DOK. Sintraal yn de rige stiet de weromrinnende biodiversiteit fan it Fryske plattelân, dêr't benammen de skries it hieltyd dreger kriget en yn de takomst as typysk Fryske buorkerijfûgel driget te ferdwinen.

Groei en stjerte

Moatte wy efterútgong fan de natuer gewoan akseptearje, of kin it oars? Moatte wy tefreden wêze mei ús rol as fragmintsje fan in wrâldwiid ekonomysk systeem dat allinnich op groei basearre is? Want: hoe kinne je eat groei neame as skriezen en oare fûgels stjerre? Dy fragen leit Pruiksma foar oan it publyk yn Birds & Brass yn 2016. Dêrneist wie dit jier de grutte teätrale produksje de Conference of the birds, dêr't er ús útdaget it boadskip fan de skries te ferstean.

De Fryslân DOK dokumintêre 'Gruttopia' is de kommende sneinen, fan 9 septimber ôf, yn fjouwer dielen te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje. It programma wurdt fan 17.00 oere ôf alle oeren útstjoerd.

(advertinsje)
(advertinsje)