Jonge boeren fiere feest, mar tinke ek nei oer takomst

Fan Dokkum oant Wolvegea, út hiel Fryslân kamen freedtejûn bussen fol mei jonge boeren nei Dearsum. Dêr waard in grut tintefeest hâlden troch de Agrarische Jongeren Fryslân om't se 25 jier bestean.
De feriening hat 850 leden fan 16 oant 35 jier. De jonge boeren tinke nei oer de takomst fan de agraryske sektor mei de bykommende wet- en regeljouwing. "Foar de sektor binne der genôch útdagingen wêr't we mei oan de slach moatte", fertelt foarsitter fan AJF Eke Folkerts. "En dat bliuwt altyd, mar de jongeren fine de sektor moai en ha der passy foar", fertelt se. De feriening set har yn om elkoar te helpen in wei te finen yn de soms drege wet- en regeljouwing.
"We moatte foaral draachflak hâlde fan de mienskip en buorlju. De minsken moatte ús produkten wurdearjen bliuwe", seit Folkerts. "De jongeren moatte trochgean kinne, want úteinlik wurdt it sûnder boeren wol dreech mei ús allen", fertelt se.
Eke Folkerts fertelt oer de feriening en de útdagingen foar jonge boeren hjoed-de-dei
De feriening hâldt gearkomsten dêr't ynformaasje útwiksele wurdt, mar it is ek hiel gesellich. "It is in hiele leuke feriening dêr't we neitinke oer de takomst, mar jûn is der tiid foar in feestje", fertelt Folkerts. It 25-jierrige bestean wurdt fierd mei in band. Der wurde sa'n 200 oant 300 jonge boeren ferwachte.