Skriuwer Dan Brown sprekt yn de Stadsoase

De Amerikaanske skriuwer Dan Brown wie yn de Stadsoase yn Ljouwert om te praten oer syn boeken en de takomst fan ús planeet.
© Omrop Fryslân
It is net de earste kear dat de Brown yn Fryslân is. Sa't er it sels seit: "I came to Fryslân because of the Frisian horses, the spectacular animals that are just so kind and so smart." De grutte leafde foar Fryske hynders lûkt him ek no wer nei Fryslân. De skriuwer giet sneontejûn nei de premjêre fan De Stormruiter. Mar hy hat mear op it programma stean. Sa hat er freedtejûn in oerke frijmakke om yn de Stadsoase yn Ljouwert te praten oer de takomst fan ús planeet.
Ferslachjouwer Johanna Brinkman prate mei Dan Brown

Fan fan Escher

Foar de premjêre fan De Stormruiter sil Dan Brown noch mear yn Fryslân dwaan. Sa giet de skriuwer nei it Planetarium en besiket er de tentoanstelling oer de keunstner MC Escher. Syn heit is de grutste fan fan Escher. "I grew up with MC Escher prints all over my room", sa seit er. "My dad is 82 years old and he came with me, especially for the Escher exhibit. He said: 'Ok, I'll watch Stormruiter, as long as I get to see the MC Escher exhibit', that's very funny."

Stormruiter

Dan Brown hat freed al in repetysje fan De Stormruiter sjoen. "It's gonna be very moving, very emotional." Brown hat faker, nei't hy nei Fryslân kaam, in Frysk hynder mei werom naam nei syn buorkerij yn Amearika. Oft er dat ditkear ek dwaan sil? Dat lit de skriuwer oer oan syn frou Blythe Brown. "I do not choose Frisian horses. We'll just have baby horses over there, so we're not stealing anymore of yours. We'll try to make some more of them there, haha."

Facebook-evenemint

Minsken dy't by it petear mei Dan Brown wêze woene, koene harren koartlyn op Facebook ynskriuwe foar it evenemint. Binnen minder as twa minuten wiene alle plakjes al ferjûn. Yn totaal wie der plak foar 60 minsken. De host fan de jûn stelde fragen oan Dan Brown, mar ek it publyk mocht him wat freegje. Hy krige ûnder oare de fraach wat hy ferstiet ûnder frijheid en hoe't hy de takomst sjocht, no't keunstmjittige yntelliginsje hieltyd mear fan ús te witten komt. De jûn waard organisearre troch Podium Asteriks en LF2018 en wie live te folgjen fia de webside fan Suksawat.