Van Kippersluis: "De supporters zijn hier gek op de goede manier"

07 sep 2018 - 23:21

"De assists lopen lekker, de goals blijven op dit moment achter." Dat wie yn it koart de konklúzje fan Cambuur-oanfaller Kevin van Kippersluis oer syn prestaasjes yn dit seizoen. Tsjin RKC wie Van Kippersluis goed foar twa assists. Hy hat der no al fjouwer nei fjouwer wedstriden.

Foto: Orange Pictures

Al yn de 8ste minút wie der in assist foar Van Kippersluis. "Ik stond in een moeilijke positie en wilde hard en gericht naar de goal toe schieten. Karim Rossi glijdt 'm binnen bij de tweede paal. We begonnen goed aan de wedstrijd en vergeleken met de eerste drie wedstrijden, is dat beter. Mous keept een wereldpot. Als je het goed uitspeelt, kun je met 3-0 of 4-0 winnen."

It wie foar Cambuur in deeglike wedstriid. De ploech krige gjin goal tsjin en de ferdigening stie goed. "Als we dat 38 keer doen, staan we bij de Oldehove", sei Van Kippersluis mei in knypeachje.

Cambuur spilet no wol oars, krekt wat kompakter. Ek yn thúswedstriden, wêr't de club oars altyd fol op de oanfal spilet, is it no oars. "Op dit moment hebben wij dat nog niet onder de knie, om volle bak te gaan, en we staan goed. Met tien punten uit vier wedstrijden mogen we niet klagen. Maar we kunnen nog stappen maken."

De supporters zijn hier gek op de goede manier.

Kevin van Kippersluis

Ek Van Kippersluis hie de fjoerpylk sjoen, dy't yn de 67ste minút op it fjild fleach. Neffens him heart dat ek in bytsje by fuotbal. "De supporters zijn hier gek op de goede manier. Na de wedstrijd hangen ze in de hekken en een aantal komt je knuffelen, dat is mooi en een teken dat het goed gaat."

Ek trainer René Hake wie bliid mei it resultaat. "We hebben de eerste twintig minuten prima gespeeld. Dat stemde mij erg tevreden. Op het laatst was het meer met kunst- en vliegwerk, maar we bleven overeind. Het is een mooie overwinning." Rossi, dy't fjouwer kear skoarde as ynfaller en freed yn de basis begûn, makke wer in goal. Ek dat fûn Hake moai. "Karim ziet nu dat het heel anders is om vanaf het begin te starten en om het dan vol te houden. Hij bleef langer staan dan we gepland hadden. Hij zakte aardig door zijn benen en heeft zich leeg gespeeld. Zo hoort het."

(advertinsje)