Maarten van der Weijden ferrast Dokkum: "Beter laat dan nooit"

07 sep 2018 - 23:21

"Ik dacht: beter laat dan nooit!" Mei syn Swimalvestêdetocht helle Maarten van der Weijden Dokkum krekt net, mar freedtejûn wie er as ferrassingsgast op de Admiraliteitsdagen yn dy stêd. Dêr waard er ûnthelle troch boargemaster Marga Waanders. Van der Weijden betanke alle Friezen foar de stipe en trune der op oan om troch te setten mei de donaasjes.

"Het zwemmen was alleen maar een middel voor iets belangrijkers", sei Van der Weijden op it poadium yn Dokkum. "Al die mensen langs de kant, al die aanmoedigingen, al die tractoren die langs het water stonden. Wat hebben jullie als Fryslân ontzettend geholpen!"

"Dat was niet voor mij, maar om geld voor kankeronderzoek te verzamelen. Dat is enorm goed gelukt."

Hast 5 miljoen

In wike lyn stie de teller mei donaasjes op 4,7 miljoen euro. "Mochten er mensen zijn die zeggen: 'ik doneer pas als-ie in Dokkum komt', bij deze!" Yntusken giet de opbringst nei de 5 miljoen ta. Boargemaster Marga Waanders fan Dongeradiel hopet dat dy 5 miljoen oan de ein fan de Admiraliteitsdagen helle is.

"De donatielijn staat nog steeds open", sei Van der Weijden. "Iedereen kan ook nog steeds naar 11stedenzwemtocht.nl. Dankjewel!"

(advertinsje)