Weststellingwerf bepraat gaslokaasje dy't ek yn De Fryske Marren leit

07 sep 2018 - 22:44

De gemeenteried fan Weststellingwerf besprekt takom moandei de plannen fan gaswinner Vermilion. Dat bedriuw wol in nije gaswinlokaasje by Nijeholtwâlde begjinne.

Gasfornús - Foto: Shutterstock.com

Wethâlder Hanneke Zonderland

De gasfjilden fan dy nije lokaasje lizze ferspraat oer trije gemeenten: De Fryske Marren, Hearrenfean en Weststellingwerf. Dy lêste gemeente praat takom moandei oer de plannen.

De Fryske Marren hat yn 2015 al 'nee' sein tsjin gaswinning. In grut diel fan it gasfjild leit op it grûngebiet fan dy gemeente. Ek Hearrenfean is tsjin. "De maatskiplike diskusje is der yn Weststellingwerf no ek", seit wethâlder Hanneke Zonderland.

Gefoel

It gefoel yn de gemeente is no ek oars, tinkt Zonderland. "De minsken makken harren yn it ferline minder drok as der in foarstel oer gaswinning kaam. Der komt mear diskusje. Moat dat wol, al dy boargatten yn ús grûn? En wat binne de gefolgen op termyn? Dat makket dat wy der ek kritysk nei sjogge."

Wy kinne mei ús allen tsjin wêze, mar tsjinhâlde is wat oars.

Wethâlder Hanneke Zonderland

Ek al soene de gemeenten allegear tsjin wêze, dat betsjut net dat der gjin gaswinlokaasje komt. "Wy kinne mei ús allen tsjin wêze, mar tsjinhâlde is wat oars. Uteinlik giet it ministearje der oer."

(advertinsje)