Cambuur wint foar de tredde kear op rige en is no twadde

Cambuur hat freedtejûn foar de tredde kear op rige wûn. RKC Waalwijk waard yn Ljouwert mei 2-0 ferslein.
Hy wie de lêste wiken al goed dwaande mei fjouwer goals en ek tsjin RKC Waalwijk wie de spits fan Cambuur, Karim Rossi, skerp. Al nei acht minuten makke hy de 1-0 foar de Ljouwerters. Nei in corner fan Justin Mathieu kaam de bal by Kevin van Kippersluis, dy't op goal skeat en miste. Mar hy hie bûten Rossi rekkene, dy't it lêste setsje joech.
© Orange Pictures
Letter wie Tyrone Conraad noch gefaarlik foar Cambuur. It earste gefaar fan RKC kaam fan Dylan Seys, mar de ploech fan trainer Fred Grim skoarde net. By rêst stie it dan ek 1-0 foar Cambuur.
Kevin van Kippersluis krige yn de twadde helte de bal oan de rjochterkant fan it fjild oanspile en hie in moaie pass rjochting Justin Mathieu yn 'e fuotten. De oanfaller stie hielendal frij en skeat mei links raak: 2-0. It is de twadde goal fan Mathieu dit seizoen, dy't krekt letter ek in strafskop woe. Mar skiedsrjochter Freek van Herk woe der net oan.
Trainer René Hake fan Cambuur
Kevin van Kippersluis
Martijn Barto nimt ôfskie
Cambuur hat nei fjouwer wedstriden noch hieltyd net ferlern en stiet no twadde yn de earste difyzje mei 10 punten. Go Ahead Eagles wûn mei 3-0 fan FC Volendam en is koprinner mei 12 punten.
Cambuur-RKC 2-0 (1-0) 8. Karim Rossi 1-0, 56. Justin Mathieu 2-0.
Opstelling SC Cambuur: Mous; Van Wermeskerken, Mbende, Schilder, Sambissa; Conraad (62. Kallon), Schindler, Schils; Mathieu (72. Maulun), Rossi (74. Robertha), Van Kippersluis.