Dit is it logo fan de nije gemeente Noardeast-Fryslân

07 sep 2018 - 21:04

Noardeast-Fryslân, de nije gemeente dy't op 1 jannewaris ûntstiet út Ferwerderadiel, Dongeradiel en Kollumerlân, hat freed by de Admiraliteitsdagen yn Dokkum it logo bekendmakke.

Foto: Noardeast-Fryslân

Tegearre mei reklameburo Junction út Ljouwert hat de gemeente socht nei wat Noardeast-Fryslân bynt en bysûnder makket. "Dat bleek een combinatie van karakteristieke kenmerken van de omgeving en de karaktervolle inwoners van de nieuwe gemeente", seit de gemeente.

It logo moat dat karakter foarstelle, yn letterlike en figuerlike sin. It lettertype is spesjaal makke foar de gemeente en hjit dan ek Noardeast-Fryslân. It logo stiet ek symboal foar de ûnderskiedende kwaliteiten fan de gemeente en har ynwenners: grutsk, iepen, behelpsum, rêst, trochsetters, romte en mienskip.

(advertinsje)