LIVE: De Admiraliteitsdagen yn Dokkum

07 sep 2018 - 20:45

Omrop Fryslân is dit wykein live by de Admiraliteitsdagen yn Dokkum. De Omrop wurket hjirfoar gear mei de tsientallen frijwilligers fan streekomrop RTV NOF. De programma's fan de streekomrop binne al jierrenlang in begryp yn de regio, en dan benammen as it giet om de registraasje fan de Admiraliteitsdagen.

Freed- en sneontejûn sille de konserten fan it evenemint live te sjen wêze op de ferskate online kanalen fan Omrop Fryslân. Freedtejûn stiet de Night of de Praams op it programma. Mei optredens fan Elske DeWall en Syb van der Ploeg. Sneontejûn is der omtinken foar in konsert ûnder de namme Adje and friends. Under mear André Hazes en Waylon sille dan in optreden fersoargje.

(advertinsje)