Boargemaster Gerbrandy stelt him kandidaat foar de Earste Keamer

07 sep 2018 - 20:31

Boargemaster Germ Gerbrandy (FNP) fan de gemeente Achtkarspelen stelt him kandidaat as Earste Keamerlid. Ein septimber moat syn partij dêr noch oer stimme. Partijfoarsitter Cees van Mourik is de twadde kandidaat. Dat meldt it partijblêd fan de FNP.

Foto: Gemeente Achtkarspelen

Gerbrandy hâldt yn jannewaris op as boargemaster fan de gemeente Achtkarspelen. Hy is 66 jier âld, en wie eins fan doel om mei pensjoen te gean. "Hjir hie ik net op rekkene. Ik waard belle troch de FNP. De partij hie oan de leden frege oft se ek kandidaten wisten, en blykber bin ik neamd. Dat is wol hiel aardich. Mar dat wol noch net sizze dat it al klear is. It is noch in hiele lange wei."

As de FNP ein septimber Gerbrandy kiest as kandidaat-Keamerlid, moatte ek de oare partijen fan de ûnôfhinklike senaatsfraksje (OSF) him noch ha wolle. En dan moatte der by de ferkiezingen yn maart ek noch genôch stimmen komme.

(advertinsje)
(advertinsje)