Klokken fan de Notre Dame liede spesjaal foar De Gordyk
De klokkelieder fan de Notre Dame moat yn oktober in kear ekstra yn it spier om de ferneamde klokken te lieden. Net om't der yn Frankryk in spesjale reden foar is, mar om't it doarp De Gordyk derom frege hat.
It lieden bart yn it ramt fan it teäterstik De Klok Moat Werom. Dat stik is ûnderdiel fan it projekt Under de Toer, dat part is fan it offisjele programma fan de Kulturele Haadstêd. It lieden moat barre op 6 oktober, om kertier oer tsienen moarns. Ad Vromans is fan de organisaasje en fertelt der oer. It wie noch net sa maklik om klokkelieder fan de Notre Dame yn it spier te krijen.
Ad Vromans fertelt it klokkelieden yn Parys
"It moast hiel offisjeel en wy ha it 'kultureel attachee' yn Parys oanskreaun om dat foar ús te bemiddeljen", seit Vromans. "Dat koe wol, mar der moast in offisjele brief komme en wy hawwe doe Tjeerd van Bekkum (KH-baas, red.) frege om dat te dwaan." De organisaasje hat de brief dêrnei oerset nei it Frânsk en sa kaam it klear.

LF 2018
Omrop Fryslân jout rom omtinken oan Ljouwert-Fryslân 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa. Yn 'e foarm fan reportaazjes, nijsartikelen en resinsjes. Alles wurdt sammele op Omropfryslan.nl/2018.
De Kulturele Haadstêd-produksjes binne mei mooglik makke troch de Provinsje Fryslân.