FIDEO: Gerald Sibon en Joop Gall oer de kompetysjestart fan SC Hearrenfean

De earedivyzje is fjouwer wedstriden ûnderweis. SC Hearrenfean hat deryn fiif punten sammele. Nei in oerwinnig yn de earste wedstriid tsjin Zwolle (3-2) waard der lykspile tsjin Vitesse en VVV. Allinich tsjin Feyenoord waard der, yn eigen stadion, ferlern. Dêrmei stean de Feansters op it tsiende plak yn de kompetysje.
Joop Gall en Gerald Sibon oer de kompetysjestart fan Hearrenfean
Wat sizze dy risseltaten oer de ploech fan trainer Jan Olde Riekerink? En wat kinne wy dit seizoen ferwachtsje fan de Feansters? Ald-spilers Gerald Sibon en Joop Gall seagen yn Fryslân Hjoed werom op de kompetysjestart fan SC Hearrenfean.
Yn Fryslân Hjoed wiene ek sportsjoernalisten Reon Boeringa (Voetbal International), Gerard Bos (Leeuwarder Courant) en Sander de Vries (Algemeen Dagblad) te gast. Mei presintator Arjen de Boer hiene sy it oer de kompetysjestart fan beide Fryske betelle fuotbalklups. De útstjoering fan Fryslân Hjoed is hjir werom te sjen.