Q&A: Hoe is it foar Martsje Paulusma om har heit Piet te ferfangen?

07 sep 2018 - 17:42

Piet Paulusma sil opnij foar koarte tiid út de running wêze en dus sil syn dochter Martsje it stokje fan har heit op telefyzje wer oernimme. In gaadlik momint om har foar te stellen oan it publyk. Dêrom leine wy har sân fragen foar, om sa better mei har yn de kunde te kommen.

Martsje Paulusma - Foto: Omrop Fryslân

Hoe bist eins dit fak ynrôle en wat is dyn eftergrûn?

"Ik haw Personeel en Arbeid studearre oan de NHL yn Ljouwert. Doe't ik klear wie mei dy stúdzje wie it de tiid fan 'e resesje. Ik krige dus net fuortendaliks in nije baan. Op itselde momint waard dejinge dy't njonken myn heit siet foar langere tiid siik. Doe sei hy, oars komst earst neist my sitten, dan kinst helpe mei de lokaasjes planne en al dat soartefan saken, as assistinte dus. Dat befoel sa goed dat ik dêr noait mear weirekke bin en sa sit ik no al seis jier njonken Piet."

Do hast as lyts famke dyn heit altyd it waar presintearjen sjoen. Hiest tocht datst ea it stokje oernimme soest.

"Nee, hielendal net. Dat hie ik echt noait tocht. Dit is eins echt fan 'e iene op 'e oare dei bard. Foarich jier novimber hiene we op 'Zes' (de nije namme fan SBS6, red.) in item yn it waar, dat gie oer dat minsken dy't hiel hurd wurkje ek wolris in dei frij meie. Dêr wie Piet fansels de útsprutsen persoan foar, want hy wurket al 22 jier lang sân dagen yn 'e wike. En sa kaam it dat ik ien kear it waar dien haw. Dat wie doe hiel ludyk en echt foar ien kear.

Mar no waard hy dizze simmer yn ien kear siik, totaal ûnferwachte. Wy moasten doe echt om in oer as trije in beslút nimme fan: 'ohjee, wat gean we dwaan?' We tochten hy is er jûn net, mar moarn is hy der wol wer. Dus doe haw ik sein, dan doch ik it wol ien kear. Mar de folgjende dei die pas bliken dat it folle langer duorje soe. Sa is it eigentlik kaam."

Ik moast ek wol even alle sjêne fan my ôfgoaie, omdat ik my net drok meitsje moast oer wat minsken fan my fine.

Martsje Paulusma

Hoe wie dat, om fuort yn it djippe smiten te wurden?

"Dat wie tige spannend en lestich. Ik haw in hiel soad respekt dat myn heit dit al 22 jier sa docht, want it is echt wol hiel dreech hear. Ik moast ek wol even alle sjêne fan my ôfgoaie, omdat ik my net drok meitsje moast oer wat minsken fan my fine. Dêr hawwe we it ek wol oer hân, want it kin datst folslein ôfbrând wurdst mei de social media fan tsjintwurdich. Dat is lokkigernôch net echt bard, dus dat foel ta."

Hoe wiene de reaksjes dy'tst krigen hast fan dyn omjouwing?

"Dy wiene allegearre hiel leaf en hiel goed en posityf. Dus ik haw der ek gjin problemen mei om it fan freed ôf it stokje wer oer te nimmen fan myn heit."

As dyn heit oer in pear jier mei pensjoen sil, silsto dan it stokje definityf fan him oernimme?

"Dat is yn it earste plak net oan mei om dêr antwurd op te jaan. Dat leit by alle wurkjouwers en Piet, benammen. Dus dat leit absolút net by my, sis mar."

Piet is yn Nederlân fansels bekend om syn ôfsluting fan it waarberjocht mei 'oant moarn'. Hasto ek al sa'n eigen ôfsluting?

"Sa as it no is sis ik by Omrop Fryslân krekt as myn heit 'we moatte moarn mar wer even yn it waar sjen'. En foar de opmerksume sjogger haw ik de lêste kear, doe't by oaren noch net bekend wie dat Piet it de folgjende dei alwer dwaan soe, sein 'Piet mat moarn mar wer even yn it waar sjen'. En by 'Zes' sis ik: 'zoals mijn vader altijd zegt: oant moarn, tot morgen!' Dat is ek in earbetoan oan myn heit, want it bliuwt myn heit syn programma, en net dy fan my."i

Ta beslút Martsje, wat is eins dyn favorite waar?

"Dat ferskilt per perioade fansels. Ik hâld echt fan iis en ik hâld echt fan reedriden en fan snie. Mar yn 'e simmer hâld ik ek absolút fan moai rêstich simmerwaar."

(advertinsje)
(advertinsje)