Slippers yn de pot by de plysje: wurkstraf ûnder betingst

In man út Hurdegaryp dy't in húske op it plysjeburo fernield hat, hat in wurkstraf ûnder betingst krigen.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De man wie ein maart oppakt omdat er dronken op de dyk omrûn en doe fêstset yn it selleblok yn it plysjeburo. Dêr hie er syn slippers yn de húskepot treaun.
De man seit sels dat er hielendal neat mear wit fan wat er dien hat, omdat er sa dronken wie. Mar hy ûntkent dat er in drankprobleem hat.
De rioelservice moast der oan te pas komme om de slippers út it húske te heljen. Dêr krijt de Hurdegarypster de rekken foar. Omdat er wurket oan syn problemen, joech de rjochter him in straf ûnder betingst.