Harnzer krijt boete foar it slaan fan syn buorman

07 sep 2018 - 16:31

In man út Harns hat in boete fan 500 euro krigen, omdat er syn buorman mishannele hat. De buorman hie der wat fan sein dat de fertochte de muzyk sa lûd hie. De Harnzer soe it slachtoffer in stomp mei syn fûst op de mûle jûn hawwe, him by de kiel pakt hawwe en noch wat skoppen en klappen útdield hawwe.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

De fertochte seit dat er syn buorman ien kear slein hat, omdat er syn territoarium ferdigenje woe. Hy woe ek gjin skeafergoeding betelje, omdat er fûn dat er neat ferkeard dien hie.

De rjochter fûn dochs dat er 150 euro smertejild oan de buorman betelje moat. Dat komt boppe-op de boete. De rjochter is der by de útspraak fanút gien dat de fertochte ien kear slein hat.

(advertinsje)