Swimbad Mounewetter ferwolkomt 70 tûzenste besiker

07 sep 2018 - 15:54

In feestje freedtemoarn yn swimbad Mounewetter te Wytmarsum. De 70.000ste besiker fan dit jier waard dêr ferwolkomme. Alle besikers krige in stikje oranjekoeke om dizze mylpeal te fieren.

Moaie waar

It is noch net earder bard dat der safolle minsken in besite brochten oan de Mounewetter. Ofrûne jier hiene se 50.000 besikers. Dat wie neffens it swimbad ek al moai, mar dêr woene se graach oerhinne. It moaie waar dizze simmer hat foar it grutte besikersoantal soarge. Op in simmerske dei hiene se 2400 besikers.

Dit wie wol in hiel soad, mar se koene neffens de Mounewetter allegear in plakje fine yn en rûnom it swimbad. Troch de goeie saken dit jier hat it swimbad in buffer opboud wêrtroch't de kosten foar in kaartsje ek takom jier leech bliuwe en elkenien de kâns kriget om te swimmen.

(advertinsje)
(advertinsje)