Trije moanne sel foar bedriger ambulânseferpleechkundige

07 sep 2018 - 15:35

In man út Ljouwert hat trije moanne sel krigen om't er in ambulânseferpleechkundige misledige, bedrige en intimidearre hat.

Foto: Omrop Fryslan

De man wie yn maaie mei syn frou belutsen by in ûngelok op de Wâldwei. De ambulânseferpleechkundige wie dêr mei har kollega op ôfkaam. Sy woe de frou fan de fertochte ûndersykje en de man gie doe hielendal troch it lint. Hy waard agressyf en luts in tekken oer syn frou hinne. Doe't de ferpleechkundige sei dat de man út de sike-auto gean moast, wegere er dat.

Broek út

Underweis nei it sikehûs bleau de man skellen en ferfelend dwaan. Hy skold it slachtoffer út en luts syn broek nei ûnderen. Hy drige har 'kapot' te meitsjen en sei dat er har thús opsykje soe. Yn de garaazje fan it sikehûs waard er oppakt.

De advokaat fan de fertochte seit dat syn kliïnt en syn frou in oere op help wachte hiene nei it ûngelok en dat de man dêrtroch yn in soarte shocktastân rekke wie. Achterôf hat de fertochte bot spyt fan syn gedrach.

Komplimint

De rjochter fynt dat de man bot yntimidearend te wurk gien is. Se komplimintearre de ferpleechkundige mei har profesjonele gedrach, troch de frou fan de fertochte te behanneljen, nettsjinsteande it gedrach fan har echtgenoat.

De rjochter feroardielde de man neffens de eask fan justysje ta trije moanne sel. Hy moat it slachtoffer 1155 euro smertejild betelje.

(advertinsje)