Slim bedrige flintersoart wreidet him út yn Súdeast-Fryslân

07 sep 2018 - 15:05

Yn natuergebiet Brandemeer by Aldlemmer is in nij plak fûn dêr't de slim bedrige grutte fjoerflinter foarkomt. De fynst wiist derop dat de kwetsbere populaasje in feiligere basis krijt yn Fryslân, seit Steatsboskbehear.

Foto: Omrop Fryslan, Remco de Vries

Boskwachter Albert Worst die de ûntdekking: "'Yes', riep ik in zachtjes in mijzelf toen ik de grote vuurvlindereitjes vond. Een nieuwe locatie in Brandemeer Noord is heel goed nieuws voor de vlinder", seit er.

De grutte fjoerflinter komt mar op trije plakken yn Nederlân foar: yn De Rottige Meente, Brandemeer en De Weerribben. Der is altyd soarch oft de populaasjes grut genôch binne om it te rêden yn dy leechfeangebieten. Steatsboskbehear is optimistysk nei dizze jongste fynst.

Opluchting

Dat der krekt yn de Brandemeer aaikes fûn binne fan de flinter soarget foar opluchting by Steatsboskbehear en de Vlinderstichting. Want ferline jier is in sleat folslein opskjinne en doe wiene se benaud dat it grutste part fan de populaasje grutte fjoerflinters ferdwûn wêze soe. It tsjinoerstelde is it gefal: de populaasje hat him krekt útwreide. Der waarden dit jier mear aaikes teld as yn de ôfrûne jierren. Dat de flintersoart no kilometers fierderop ek ûntdutsen is, jout fertrouwen oer de takomst fan de seldsume flinter yn Súdeast-Fryslân.

Drûchte

De grutte fjoerflinter hat dúdlik profyt hân fan de waarme en drûge simmer. Dêrtroch hat in twadde generaasje him ûntwikkelje kinnen. Dat bart hast nea. Ofrûne wykein waarden 23 flinters teld. Sokke oantallen wurde nea sjoen, sels net by de earste generaasje.

(advertinsje)