PVV'er Max Aardema wer yn de Earste Keamer

Max Aardema fan Drachten komt werom as Earste Keamerlid foar de PVV. Hy folget partijgenoat Martin van Beek op, dy't op 26 augustus fan dit jier ferstoarn is.
Max Aardema © Omrop Fryslân
Aardema wie earder ek al tydlik yn de Earste Keamer kaam as ferfanger fan dyselde Van Beek, doe as sykteferfanging. Dat wie fan 31 oktober 2017 oant 13 febrewaris fan dit jier en fan 14 maart oant 4 july fan dit jier.
Aardema stie yn 2015 as 13e op de kandidatelist foar de PVV. De partij krige by de ferkiezings foar de Earste Keamer 9 sitten. Omdat der by de ferkiezingen foar de Twadde Keamer earder dit jier in pear senatoaren trochskoden nei de Twadde Keamer, waard Aardema earste reserve.
Max Aardema is ek lid fan provinsjale steaten foar de PVV.