Ljouwerters bespuite mei pepperspray

07 sep 2018 - 12:54

Twa manlju fan 19 en 30 jier út Ljouwert binne mei pepperspray bespuite troch in 40-jierrige man.

It foarfal barde woansdeitenacht yn de Franklinstrjitte yn Ljouwert. De fertochte waard yn betwang hâlden troch twa manlju. De plysje hat him oanhâlden en fêstset foar fierder ûndersyk, de pepperspray is yn beslach naam. De Ljouwerters dy't bespuite binne, woene gjin oanjefte dwaan.

Trefwurden: 
plysje pepperspray
(advertinsje)