Plysje fynt hast neakene Snitser op Dixi

De plysje krige tongersdeitemiddei in melding dat der oan it Ruterskertier yn Ljouwert ien wol hiel lang op in Dixi siet. In Dixi is in mobyl húske dat gauris ynset wurdt by eveneminten as op bouplakken.
Doe't de plysje nei it húske gie om te sjen wat der oan de hân wie, troffen se in sawat folslein neakene Snitser oan. Dizze 29-jierrige man wie behoarlik ûnder ynfloed fan GHB. De plysje hat him nei hûs ta stjoerd.