Froulju faker nei de apoteek troch tekoart oan 'de pil'

07 sep 2018 - 12:20

Ek yn Fryslân moatte froulju dy't de antykonsepsjepil hawwe wolle, de kommende tiid rekkenje op in soad ekstra ritsjes nei de apoteek. Troch problemen by de fabrikanten yn Azië is der in grut tekoart oan antykonsepsjepillen.

Apotekers moatte hiel sunich wêze by it útjaan fan de pil. Gewoanlik krije froulju de pil faak foar in hiel jier mei, no mar foar twa of trije wiken. En it tekoart stiet net op himsels. Op dit stuit binne 387 soarten medisinen net of hiel dreech te leverjen. Neffens de apotekers komt dat troch it sunige belied fan de soarchfersekerders. Dy wolle allinnich de aldergoedkeapste medisinen fergoedzje.

Foto: ANP

Foar ús smyt it tekoart oan medisinen in berch ekstra wurk op.

Jouke de Jong, apoteker yn Drachten en wurdfierder fan de Friese Apothekers Vereniging

Jouke de Jong is apoteker yn Drachten en wurdfierder fan de Friese Apothekers Vereniging: "Foar ús smyt it tekoart oan medisinen in berch ekstra wurk op. It sykjen fan alternative leveransiers, ferfangende middelen en it oerlizzen dêroer mei de hûsdokters kostet ús in hiel protte tiid. Dy tiid krije wy net útbetelle. Dat ferlies nimme wy mar."

Goedkeape leveransiers

De Stichting Pharmaceutische Kengetallen hâldt de tekoarten by. Dy lykje yn 2018 alle wiken grutter te wurden. Neffens De Jong komt dat omdat de soarchfersekerders allinnich saken dwaan wolle mei de aldergoedkeapste leveransiers. As der by dy goedkeape leveransier in probleem ûntstiet, is dat yn de apoteek fuortendaliks te fernimmen.

De Jong tinkt dan ek dat de oplossing dêr socht wurde moat. "De soarchfersekerders soene net ien, mar miskien wol trije leveransiers oanwize moatte. Ek al binne de nûmer twa en trije miskien justjes djoerder." Gefolgen foar de fersekeringspreemje hat dat neffens him kwealik.

Medisinen - Foto: Shutterstock.com

Net folle ynfloed

De apotekers trúnje by de polityk al langer oan op in feroaring fan it belied, mar ta in oplossing hat dat noch net laat. "De polityk hat mar in bytsje ynfloed op de soarchfersekerders", sa seit De Jong.

De Friesland, de grutste soarchfersekerder fan Fryslân, hat net it preferinsjebelied dêr't De Jong op doelt. De Fryske soarchfersekerder jout de apotekers al mear romte, om as dat nedich is wat djoerdere medisinen yn te keapjen. Mar wurdfierder Rob Propsma wiist der op dat der folle mear oarsaken binne foar it tekoart oan medisinen, as allinnich it priisbelied fan soarchfersekerders. By de antykonsepsjepil giet it no om produksjeproblemen, mar der binne ek bedriuwsekonomsyke redenen, sa seit hy.

Jouke de Jong fan de Apotekersferiening

Fúzjes

"Door een aantal grote fusies en overnames van producenten zijn assortimenten aangepast en worden sommige medicijnen niet meer gemaakt of niet in alle landen op de markt gebracht. Het is ons gezamenlijk gelukt om de medicijnprijzen in Nederland beter onder controle te krijgen. Maar hierdoor zijn de marges voor producenten lager en wordt er ook minder voorraad aangehouden. Omdat de markt in Nederland kleiner is, is dit voor producenten niet altijd een goede markt."

Neffens Propsma binne it ek net allinnich de soarchfersekerders dy't it probleem oplosse kinne. "De overheid speelt een belangrijke rol door de geneesmiddelenwet te handhaven. Daarin staat dat producenten een inspanningsverplichting hebben tot belevering van fabrikanten en groothandelaren."

Meldpunt

Sûnt 1 jannewaris 2017 bestiet it 'meldpunt geneesmiddelentekorten en -defecten'. Dat is in mienskiplik meldpunt fan de oerheid, wêrby't fabrikanten situaasjes melde moatte dy't liede kinne ta in tekoart. Sa kinne der op tiid maatregels nommen wurde. Sokke maatregels kinne wêze, sa't no al by 'de pil' bart, dat de pasjint minder fan it medisyn mei nei hûs krijt. De ferwachting is wol dat it tekoart oan de antykonsepsjepil nei nije wike wer ôfnimt, omdat de levering dan wer op gong komt.

(advertinsje)
(advertinsje)