Wurk oan de floeddoaren Lorentzslûzen nei foaren helle fanwege fersilting

07 sep 2018 - 11:21

De ûnderkant fan de floeddoarren fan de Lorentzslûzen by Koarnwertersân wurde freed tichtmakke. Dat moat foarkomme dat der tefolle sâlt wetter fanút de Waadsee de Iselmar ynkomt.

It wurk stie pland foar ein dizze moanne, mar fanwege de drûchte en de dêrtroch gruttere kâns op fersilting, wurdt it wurk freed al dien. Rykswettersteat seit dat it wichtich is om it sâlter wurden tsjin te gean, om't de Iselmar in wichtige boarne is foar it drinkwetter.

De fiskmigraasjerivier dy't oanlein wurdt yn de Ofslútdyk kin oan beide kanten ôfsletten wurde as der tefolle sâlt wetter de mar yn komt. It wurk by Koarnwertersân is oan de ein fan de middei klear.

(advertinsje)