Leesbaar Friesland: in literêre kaart fan Fryslân

07 sep 2018 - 11:15

Leesbaar Friesland wurdt in nije kaart fan Fryslân yn literêre sitaten. Bygelyks Simon Vestdijk dy't oer Harns skreau, of de 19e-iuwske dichter Eeltsje Halbertsma oer 'it lytse doarp Terkaple'. Mar ek ûnbekende skriuwers en dichters hawwe plakken en streken yn Fryslân besongen.

As ferfolch op Leesbaar Amsterdam en Leesbaar Groningen komt der yn 2019 in literêre kaart fan Fryslân: Leesbaar Friesland. In grutte útklapbare kaart mei in boekje derby. Dêrmei soest oan de hân fan rigels út romans en gedichten troch Fryslân reizgje kinne.

Ein 2019 moat de kaart klear wêze. De inisjatyfnimmers hoopje dat it ek in app op de telefoan wurdt, sadatst de literêre sitaten ek echt foarlêze kinst. Foarearst is Leesbaar Friesland folslein fan papier. Minsken dy't meidwaan wolle en in moai sitaat fan in skriuwer of dichter oer harren wenplak witte, kinne kontakt opnimme mei Tresoar.

Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies
(advertinsje)
(advertinsje)