Accolade ynvestearret yn hûnderten sinnepanielen

07 sep 2018 - 10:52

Wenningkorporaasje Accolade pleatst op de dakken fan 500 wenningen sinnepanielen. Foar de krystdagen moat dit klear wêze.

De wenningen dy't panielen krige, stean yn Drachten, Boarnburgum, Jobbegea, De Jouwer, Snits en Frjentsjer. Der komme sa'n seis oant tsien panielen op de yndividuele hûzen te lizzen. De wenningbouferiening ynvestearret sa'n 1,8 miljoen euro yn it projekt.

Accolade hat yn Fryslân 16.000 wenningen. Yn 2019 wol de korporaasje 650 apparteminten en tûzen wenningen foarsjen fan sinnepanielen.

Trefwurden: 
sinnepanelen Accolade
(advertinsje)