Beheinde kommunikaasje fan de plysje foar bettere CAO

07 sep 2018 - 10:05

It Team Verkeer Noord-Nederland hat fuortendaliks harke nei de oprop fan de plysje-bûnen om foarearst gjin of minder berjochten fan de plysje fia social media te kommunisearjen.

Foto: Omrop Fryslan

Op har eigen twitteraccount meldt it team dat it account op swart set is en der dus gjin berjochten mear dield wurde. Dat hat te krijen mei it cao-konflikt. De plysjes fiere al langere tiid aksje foar in bettere cao. Se wolle mear lean en in legere wurkdruk.

De plysjebûnen roppe ek op om allinnich noch in parse-alarm ôf te jaan by grutte ynsidinten of ûntwikkelingen yn it cao-oerlis. Sjoernalisten dy't de plysje belje oer bygelyks oanridingen of lytse ynsidinten kinne nul op it rekest krije. By grutte saken wurde de media wol te wurd stien.

Trefwurden: 
plysje CAO
(advertinsje)
(advertinsje)