Martijn Barto lit him ferrasse by ôfskied fan SC Cambuur

07 sep 2018 - 10:02

Fuotballer Martijn Barto nimt freed ôfskied fan SC Cambuur. Barto spile yn sân seizoenen mear as twahûndert wedstriden yn it giel-blauwe shirt en makke 64 doelpunten foar de Ljouwerters. In klupheld, want der binne yn it fuotbal net in soad spilers mear dy't sa lang by ien klup spylje. Yn maaie makke Cambuur bekend dat it ôfrinnende kontrakt fan Barto net ferlinge waard. Neffens technysk manager Foeke Booy hie Cambuur der gjin budzjet mear foar om de spiler te behâlden.

Foto: www.orange-pictures.nl

Martijn Barto oer syn ôfskied by Cambuur

It ôfskied fan Barto is freedtejûn foarôfgeand oan de thúswedstriid fan Cambuur tsjin RKC út Waalwyk. By dy klup debutearre hy yn it betelle fuotbal yn it seizoen 2005/2006. Dêrnei spile er by Helmond Sport, mar yn 2007 gie er werom nei it amateurfuotbal. Yn 2011 helle Cambuur de spiler werom nei it betelle fuotbal.

Ferrast

Barto wit noch net wat him te wachtsjen stiet freedtejûn. "Ik laat me voornamelijk verrassen. Het lijkt alsof er heel veel mensen mee bezig zijn. Dat vind ik heel leuk en bijzonder. Ik had het niet zo verwacht, maar er zijn een hoop leuke acties op touw gezet. Dat kan ik zeker waarderen." De spilersbus fan Cambuur wurdt bygelyks spesjaal foar Barto's ôfskied ynset. Syn doarpsgenoaten út Goutum wurde ophelle en nei it stadion brocht.

Als je zeven jaar bij een club speelt, en zeker bij Cambuur, is het juist wel mooi dat je hoogte- en dieptepunten meemaakt.

Martijn Barto

Bining mei supporters

De fuotballer is oangenaam ferrast troch alle oandacht dy't er krijt fan de supporters en de media. "Vergeet niet dat er ook een aantal wedstrijden tussen zaten die wat minder waren. Maar ik heb een hoop belangrijke momenten mogen meemaken en in een aantal beslissend kunnen zijn. Dat vind ik leuk. Aan de andere kant, als je zeven jaar bij een club speelt, en zeker bij Cambuur, is het juist wel mooi dat je hoogte- en dieptepunten meemaakt. Misschien maakt dat de binding met de supporters alleen maar sterker. Die zijn altijd gebleven en ik ook."

Hichtepunt

Ien fan de hichtepunten foar Barto wie de 2-1 oerwinning fan Cambuur yn it bekerduel tsjin Ajax yn 2016. Hy skoarde beide doelpunten foar de Ljouwerters en smiet de Amsterdammers dêrtroch út it bekertoernoai. "Dat is een van die momenten die ik nooit meer vergeet. Ik heb ook wel het idee dat het een beetje in het geheugen gegrift staat van de Cambuursupporters. Dat maak je natuurlijk niet zo heel vaak mee. Daar ben ik hartstikke trots op."

Oare funksje

Takom seizoen spilet Barto foar ONS Snits. Hy koe ek nei it bûtenlân, mar is dêr dus net op yngien. Ek is er noch yn petear mei Cambuur oer in mooglike oare funksje by de klup. "We hebben wel tegen elkaar gezegd dat het een zinvolle invulling moet zijn van een functie. Niet een functie die we gaan creëren om het creëren. Het eerste gesprek was heel erg positief, dus ik zie dat met veel vertrouwen tegemoet."

(advertinsje)
(advertinsje)