Kollum: "Faksinaasjes"

07 sep 2018 - 08:09

"Wol of net ferplichte faksinearje? Us dochter hat de faksinaasjes tsjin de limoerhalskanker (baarmoederhalskanker) net hân. De oare faksinaasjes hawwe ús bern wol hân, mar by dizze oprop sei myn gefoel dat ik my der earst goed yn ferdjipje moast.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

Dat ha ik dien en op in bepaald momint ha ik de húsdokter, dy't we doe hiene, frege wat sy der fan fûn. Se sei dat se fûn dat dizze faksinaasje wol hiel flot op 'e merk kommen wie, mei in ûndertoan dy´t my besletten dien hat it net te dwaan.

Prof. F. van Leeuwen fan it Nederlânske kankerynstitút sei ek dat se net iens wie mei hoe gau't it faksin ynfierd is. Se wisten net oft it wol echt de kanker foarkaam, oft it slimme bywurkings hie en ek net oft der mear faksinaasjes nedich wiene, wêrtroch't guon oaren it in eksperimint fine.

It Zika-firus, de Tdap-faksinaasje dy't swangere froulju yn Brazilië krigen en de bern dy't dêrnei berne binne mei te lytse hollen, is ek sa'n nuver ferhaal. No bin ik gjin dokter, mar yn ús lân is al in dokter dy't dit ferhaal wol út 'e doeken docht en warskôget foar de mooglike gefolgen fan faksinaasjes. Dokter Hans Moolenburgh senior is al oer de 90 en hat in soad meimakke yn syn karriêre.

Yn it boek 'Gezond leven in een vervuilde wereld' skriuwt er dêr wiidweidich oer. Dat kin ik hjir allegear net werhelje, mar wat er bygelyks seit, is dat in poppe fan seis wiken al in cocktail fan 7 ferskate fergiftige syktekimen binnenkrijt. Dêr sitte ek fergiftige helpstoffen en kankerferwekkende stoffen sa as aluminium en formaldehyde by om it faksin fierder te aktivearjen.

As in poppe 14 moanne is, hat it 34 poarsjes fergif hân en dat kin it ymmúnsysteem faak net ferwurkje. By dy hommelse konfrontaasje mei in hege lading fergif moat it lyfke in oerlibbingstechnyk tapasse. It kin nammentlik gjin wjerstân opbouwe tsjin de sykten dy't it no oantreft, want dêr is it ymmúnsysteem noch net ryp foar.

Dêrom rommet it de rotsoai salang op yn fetweefsel. Mar in poppe hat noch net in soad fet, útsein de harsens. Dy befetsje in protte fettige substânsjes, yn de sin fan wichtige fetsoeren, dêr't it fergif as needmaatregel opburgen wurdt. Troch allegear prosessen kin it foar in ûntstekking soargje. As dat yn 'e boppe-earm bart en dêr in hurd read plak ûntstiet, dan is it net sa slim. Mar in ûntstekking yn 'e harsens taastet ek it senuwstelsel oan en dêr kin hiel wat efterwei komme.

Dat guon âlden de bern leaver net mear ynintsje litte wolle, komt neffens my omdat se net alles samar mear oannimme. Se lústerje nei de ferhalen fan heiten en memmen mei negative ûnderfinings en tinke nei oer de gefolgen. Nim mar fan my oan dat se dêr bêst wol ûnseker oer binne, want dat wie ik nei alle bangpraterij ek doe't ik de kar makke hie it net te dwaan.

Alden dy't al of net de bern faksinearje litte, wolle yn beide gefallen it bêste foar de bern. Ik tink ek net dat de âlden it probleem binne. In hiele soad minsken binne it fertrouwen yn de oerheid en de farmaseutyske yndustry kwyt. En as dy dan ek noch bepale sille datst dyn gefoel oangeande dyn eigen bern net mear folgje meist, dan ûntstiet der allinnich mar mear wantrouwen en yn myn eagen ek in foarm fan diktatuer.

Dy kant wol ik net op. Dat der in oplossing komme moat, is wol dúdlik mar dy hat mei fertrouwen, earlikens en iepenheid te krijen. Net mei eangst en ûnderdrukking."

(advertinsje)