LTO Noord wol fergoeding foar guozzeskea ek yn oktober

07 sep 2018 - 07:15

Boeren moatte dit jier folslein fergoede krije foar de guozzeskea. Dat fynt de agraryske belange-organisaasje LTO Noord. De moanne oktober wurdt no faak net fergoede en boeren litte it faak sa, omdat se al genôch fretten ha foar de winter. Mar dit jier is dat troch de drûchte net sa en dêrom moat der fretten kocht wurde.

Foto: Henk Bootsma

Peet Sterkenburgh fan LTO Noord

LTO Noord-bestjoerder Peet Sterkenburgh freget yn in brief oan deputearre Johannes Kramer om de skea dit jier wol te fergoedzjen. Neffens Sterkenburgh mei de finansjele strop net folslein op it boardsje fan de boeren lein wurde. De provinsje moat de boeren helpe, fynt Sterkenburgh.

Trefwurden: 
LTO Noord guozzeskea
(advertinsje)
(advertinsje)