Auto klapt tsjin beam yn Stynsgea, bestjoerder rekket ferwûne

07 sep 2018 - 06:21

By in ûngelok yn Stynsgea is tongersdeitenacht in autobestjoerder ferwûne rekke. De man ried oer de Efterwei en ferlear de macht oer it stjoer, wêrnei't er tsjin in beam klapte. Meardere helpferlieners rieden út en ek de traumahelikopter waard oproppen, mar dy hoegde fierder net yn aksje te kommen.

Foto: Srfotografie

De bestjoerder is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De auto rekke swier skansearre en is troch in berger fuortsleept.

Trefwurden: 
ûngelok ferwûne Stynsgea
(advertinsje)
(advertinsje)