Rasterhoff Festival giet oer ôffal en duorsumens

It nije Rasterhoff Festival, dat snein hâlden wurdt yn Snits, moat derfoar soargje dat we ús better bewust wurde fan wat we dogge mei ús ôffal. It festival wurdt hâlden yn it Rasterhoffpark yn de stêd, op it plak dêr't earder it stoart wie. De organisatoaren fan it festival hawwe dat plak mei sin keazen, om sjen te litten dat we ek wat goeds dwaan kinne mei ús ôffal.
Nij festival dat draait om ôffal
Tongersdei waard yn it park mei duorsume spuitbussen yn it gers oanjûn wêr't alles de kommende dagen opboud wurde moat. Sa komt der in sirkus, in bisteferbliuw, in plak foar drumles en tal fan kreamkes. Alles mei as tema ôffal en duorsumens.
Ferslachjouwer Wytse Vellinga seach alfêst op it terrein
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Grutsk en Grien organisearret it festival. Dêrnjonken binne se dwaande mei gastlessen op skoallen en wurdt der mei ferskate oare organisaasjes neitocht oer mear aktiviteiten om omtinken te freegjen foar ôffal. As it festival goed ferrint, moat der oer twa jier opnij in festival hâlden wurde.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga