Jannewietske de Vries: geweldich dat Henk Deinum my de romte jout

06 sep 2018 - 22:40

Jannewietske de Vries, fan 27 septimber ôf de boargemaster fan Súdwest-Fryslân, fynt it geweldich dat har man foar har ophâldt as wethâlder fan Ljouwert. Neffens De Vries wie it gjin betingst foar har boargemasterskip dat hy dit dwaan moast.

Foto: Gemeente Súdwest-Fryslân

"We hawwe fan 't simmer wiidweidich praat oer hoe't we dit dwaan moatte. Mar it waard fansels pas realiteit doe't ik foardroegen waard", seit De Vries. Se neamt dit jier in hiel bysûnder jier foar harren beiden.

Jannewietske de Vries

Ek oer it sukses fan kulturele haadstêd, dat se tongersdei op de dei ôf fiif jier lyn binnenhelle, is se tige te sprekken. "It is geweldich dat der safolle minsken fan genietsje", seit se.

(advertinsje)
(advertinsje)